Ekonomysk effekt SR net metten

08 apr 2014 - 17:22

In grut sukses mei in positive útstrieling op de stêd. Dat neamt wethâlder Henk Deinum de wichtichste opbringsten fan de aksje Serious Request fan ein ferline jier. De gemeente presintearre tiisdeitemiddei in rapport oer de resultaten fan de aksje. Mei-inoar kamen 500.000 minsken op it evenemint op it Wilhelminaplein ôf.

De finansjele opbringsten foar de stêd binne net metten, mar Deinum rûst dy op in bedrach tusken de 4 en 7,5 miljoen euro. It tal besikers oan de stêd is neffens Deinum ek tanaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)