'80% kuststreek tsjin wynplan'

08 apr 2014 - 16:58

Stifting Don Quichot hat yn Warkum 1200 hantekeningen ynsammele fan húshâldings dy't tsjin de oanlis fan in wynpark yn de Iselmar binne. Neffens de stifting betsjut dit dat 72 persint fan de befolking fan Warkum tsjin de komst fan sa'n park is. Yn Makkum en Hylpen is de tsjinstân noch heger. Dêrmei komt it persintaazje tsjinstimmers yn de kuststreek yn trochsneed út op 80 persint.

Windpark Fryslân BV wol in wynmûnepark realisearje yn it Fryske part fan de Iselmar by de Ofslútdyk. Don Quichot striidt hjir tsjin.

Trefwurden: 
Don Quichot wynmolens
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)