Zamenhof: oerlêst fan jongeren

08 apr 2014 - 15:44

Fanwege oerlêst troch groepen jongeren yn it Ljouwerter Zamenhofpark binne bewenners en plysje yn oerlis om te sjen oft der in gearkloftferbod ynsteld wurde kin, oftewol in 'samenscholingsverbod'. Sûnt it moai waar is, sitte geregeld groepen fan mear as tweintich jongeren dêr te sûpen en joints te smoken.

Dêr wurdt in soad leven by makke, ta grutte argewaasje fan de buertbewenners. Fan it wykein is in barte foar de twadde kear fernield en der is besocht in markelnêst te fernielen. Boppedat leit der faak in soad ôffal yn it park.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)