'Striid oer namme DFM foarby'

08 apr 2014 - 14:59

FNP-wethâlder Durk Durksz fan de gemeente De Friese Meren ferwachtet dat de striid om de gemeentenamme no foarby is. En dat betsjut dat De Friese Meren fan 1 july 2015 ôf offisjeel 'De Fryske Marren' hjitte sil. De beide grutste partijen FNP en CDA, tegearre goed foar in mearderheid yn de gemeenteried, hawwe harren moandei útsprutsen tsjin it boargerinisjatyf foar in referindum oer de nije namme.

Ek geane neffens Durksz de kosten foar de nammewiziging net oer de 200.000 euro hinne. Op 23 april stimt de gemeenteried oer de nammewiziging.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)