Undersyk brêge Aldskou klear

08 apr 2014 - 14:40

Dûkers fan Rykswettersteat hawwe de hiele moarn dwaande west mei ûndersyk nei skea oan de brêge fan Aldskou oer it Prinses Margrietkanaal. Moandeitejûn fear in binnenfeartskip tsjin it remmingswurk fan de brêge. It skip koe nei it ûngelok op eigen krêft nei de kant komme. De KLPD ûndersiket de tadracht fan de oanfarring.

De resultaten fan it ûndersyk fan Rykswettersteat wurde pas letter bekend makke. De skipfeart en ek automobilisten kinne yn de tuskentiid gewoan fan de brêge gebrûk meitsje.

Trefwurden: 
brêge skea oanfarring Aldskou
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)