Man yn Houtigehage oerfallen

08 apr 2014 - 12:01
Foto: ANP XTRA

Trije manlju hawwe yn de nacht fan moandei op tiisdei yn De Houtigehage in man yn syn wenning oerfallen. Se giene it hûs yn en bedrigen de man mei in wapen.
Koart dêrnei setten de manlju ôf yn in auto.

It is net dúdlik oft der ek guod meinommen is. De plysje docht ûndersyk nei de saak.

Trefwurden: 
oerfal wapen
(advertinsje)
(advertinsje)