Ljouwert: winkeldieven oppakt

08 apr 2014 - 10:52

In jonge ((17) fan Hurdegaryp en in frou (19) fan Ljouwerrt binne moandei yn Ljouwert oanhâlden foar stellerij út in winkel. It stel foel it winkelpersoniel op fanwege 'fertocht gedrach'. Doe't sy nei de útgong rûnen mei produkten dy't net betelle wiene, waarden sy hjirop oansprutsen. De frou waard doe lulk en sloech ien fan de meiwurkers.

It stel waard oanhâlden troch it winkelpersoniel en wer meinommen de winkel yn. De frou bedrige harren dêrop mei de dea. It duo is letter oerdroegen oan de plysje en ynsletten.

Trefwurden: 
stellerij winkeldieven
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)