Fermissing nei 26 jier oplost

It coldcase-team fan de plysje yn Den Haach hat it mystearje fan in oanspylde skonk op Skylge yn july 1987 oplost. Troch in DNA-match is no bekend fan wa't dy skonk wie. It giet om in man dy't yn 1986 troch syn famylje as fermist opjûn waard. De doe 45-jierrige man wie mei de fyts fan hûs ôfset. De man wenne op dat stuit yn de omkriten fan Den Haach.
Ein 2013 naam in famyljelid fan de fermiste man kontakt op mei de plysje. Hy stie doe DNA ôf, om in fergeliking mei net-identisifisearre ferstoarne minsken mooglik te meitsjen.
Doe die bliken dat der in match wie mei de skonk dy't yn july 1987 oanspielde op Skylge. De fermissing koe sa nei 27 jier oplost wurde. De neibesteanden fan de man binne troch de plysje ynformearre.
De gemeente Skylge is bliid dat by ien fan de ûnbekinde drinkelingen dy't op it eilân begroeven lizze, in namme fûn is. De skonk dêr't it om giet, is begroeven op in spesjaal stik fan it begraafplak fan West-Skylge. Op it eilân lizze noch mear ûnbekenden begroeven. De gemeente hat earder fan har DNA ôfnimme litten en hopet dat ek fan harren ea de idintiteit fêststeld wurde kin.