Man oppakt foar bedriging

08 apr 2014 - 10:19

De plysje hat moandei in Wolvegeaster (32) oanhâlden foar bedriging. De man gie moandei ferskate kearen nei it kantoar fan in wenningstichting yn Wolvegea. Hy soe dêr it personiel ferskate kearen bedrige hawwe.

De man waard dêrfoar letter dy middei oanhâlden yn syn wenning. De man is oerbrocht nei it plysjeburo en ynsletten foar neier ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)