Nij referindum DFM stiet faai

08 apr 2014 - 07:46

Der komt foarearst gjin nij referindum oer de namme fan de fúzjegemeente De Fryske Marren. Dat waard moandeitejûn dúdlik, doe't de ried prate oer it útstel fan stichting 'Vrienden van de Friese Meren' om op 'e nij te stimmen oer de gemeentenamme.

Alle opposysjepartijen, útsein de ChristenUnie, binne foarstanner fan in nij referindum. De koälysjepartijen FNP en CDA sjogge it nut fan in nij referindum lykwols net yn. It beslút oer it útstel fan de stichting is foarearst útsteld.

By de gemeenteriedsferkiezings yn novimber ferline jier waard de ynwenners al frege nei har foarkar foar de nije namme. Doe krigen de Fryske en de Nederlânske fariant like folle stimmen.

Inisjatyfnimmer Frits Wind van 'Vrienden van de Friese Meren' seit oer dokuminten te beskikken, dêr't út blykt dat it friksjebudzjet opbrûkt is. Wethâlder Durk Durksz sei moandeitejûn lykwols dat der noch genôch budzjet beskikber is om de nammewiziging fan te beteljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)