Blessum lûkt knip foar tsjerke

07 apr 2014 - 23:23

De kânselbibel leit wer te plak yn Blessum. De bibel is de ôfrûne tiid restaurearre. Dat wie mei mooglik troch jeften út it doarp sels. De 87 ynwenners ha dêrfoar 1500 euro ynsammele. Dat jild is tegearre mei in oare sjek fan 12 tûzen euro foar de restauraasje fan de tsjerke sels moandeitejûn oerlange oan de eigener, stifting Alde Fryske Tsjerken. Ek dat bedrach is ynsammele troch de doarpsbewenners sels.

De opknapbeurt fan de tsjerke is noch net klear. Takom jier sil de binnenkant fan de tsjerke noch skildere wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)