Dealers oppakt op Heasouder

© Omrop Fryslân
Op de Heasouder yn Drachten binne tongersdei njoggen minsken oanhâlden yn ferbân mei drugshannel. De plysje hie klachten krigen omdat minsken lêst hiene fan de hannelspraktiken.
De plysje hat by ien fan de hûzen dêr't klachten oer wiene, seis minsken oanhâlden. De bewenner hie himp en kokaïne yn hûs. Yn in oar hûs waard folle mear drugs fûn, ûnder oare in kilo himp, speed en ek harddrugs. Hjir waarden trije minsken oanhâlden.