Orkest Fryslân op CityProms
Spesjaal foar de fjirde edysje fan it klassikemuzykfestival CityProms is in nij harmony-orkest gearstald. It orkest kriget de namme Orkest Fryslân en stiet ûnder lieding fan dirigint Arnaud Oosterbaan. It Orkest Fryslân sil tegearre mei it Noard Nederlânsk Harmony Orkest spylje op it muzykfestival fan trije dagen dat ein juny yn Ljouwert plakfynt.
Foarôfgeand oan CityProms docht it gelegenheidsorkest ferskate plakken yn Fryslân oan. Sa sille se ûnder oare spylje yn Surhústerfean, Drachten, Dokkum, Kollum, Frjentsjer en op De Jouwer.
It festival CityProms yn Ljouwert sil dit jier wêze op 27, 28 en 29 juny. De tagong is fergees.