KNMI kundiget koade giel ôf
Ferkear moat de kommende oeren rekken hâlde mei swiere buien en hurde wynstjitten oant en mei 80 kilometer yn 'e oere. It KNMI hat foar moandeitejûn koade giel ôfkundige. Under de buien is it sicht min. Benammen auto's mei oanhingers moatte rekken hâlde mei hurde wyn.