Bert Hollander nominearre

07 apr 2014 - 18:17

Trainer Bert Hollander fan topklasser ONS Boso Snits is nominearre foar de Rinus Michels Awards yn de kategory amateurtrainer. Hollander slagge der dit seizoen yn om mei promovendus ONS yn de topklasse te bliuwen. Ferline jier promovearren de Snitsers nei it heechste nivo yn it amateurfuotbal. Troch in 2-1 oerwinning op Excelsior '31, ôfrûne wykein, is ONS sa goed as wis fan liifsbehâld.

Hollander giet de striid oan mei fiif oare trainers út de top- en haadklasse. Op 9 maaie sil bekend wurde hokker trainer de priis wint.

De oare kânshawwers foar de titel Bêste Amateurcoach fan it jier binne Hans van Dijkhuizen (topklasser Excelsior'31), Bert Ruijsch (haadklasser Gemert), Dennis Dekkers (haadklasser OJC Rosmalen), Simon Ouaali (haadklasser Sparta Nijkerk) en Willem den Besten (haadklasser Westlandia).

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)