Snits: soad huzen net op slot

17 feb 2012 - 09:41

Yn Snits en Drylts binne by in aksje fan 'e plysje tongersdei 750 hûzen, skuorkes en auto's fûn dy't net op slot sieten. De plysje is yn gearwurking mei de gemeente Súdwest-Fryslân en de wenningstiftingen mei in previnsje-aksje begûn.

Se gongen by huzen en auto's del om te kontrolearjen oft dy goed ôfsletten wiene. As dat net it gefal wie, krigen minsken folders mei tips om ynbraken foar te kommen. It tal ynbraken yn de gemeente Súdwest-Fryslân is it ôfrûne jier sawat ferdûbele.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)