Follybalsters Snits útskeakele

© awfoto.nl
De follybalsters fan Snits binne der net yn slagge om de heale finale fan de beker te heljen. Yn en tsjin Weert waard frij kânsleas mei 3-0 ferlern. Allinnich yn de earste set koe Snits aardich bybliuwe, mar Weert wûn wol mei 25-21. Yn de twadde en tredde set wie it ferskil grutter: 25-13 en 25-17.
Ferline jier duorre it bekeraventoer fan Snits langer, doe waard de finale noch helle. Ek doe wie Weert de tsjinstanner en wie de útslach itselde: 3-0 foar Weert.