Harkemase Boys hellet De Jong

17 feb 2012 - 09:00

Topklasser Harkemase Boys hat de ploech foar takom seizoen opnij fersterke. Nei Jelmer Slager en Klaas Schotanus earder dizze wike, waard no Robin Huisman de Jong fêstlein. De Jong komt oer fan sneinshaadklasser Snits Wyt Swart.

De ferdigener rûn de hiele jeugdoplieding fan Sportklup Hearrenfean troch, mar slagge der net yn troch te brekken. Hy wie ek jeugdynternasjonal. Fia Emmen en it Dútske Cloppenburg (Oberliga) bedarre hy yn syn berteplak by Snits Wyt Swart. Mar nei ien seizoen besiket hy it dus alwer in stapke hegerop.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)