Aris wint fan nûmer lêst

17 feb 2012 - 08:29

De basketballers fan Aris hawwe lang om let wer in wedstriid wûn. De nûmer lêst Rotterdam waard mei 96-88 ferslein. Nei fiif ferliespartijen op rige wiene de Ljouwerters wol wer ris ta oan in oerwinning.

By Aris makke Brandon Rozzell syn debút. De nije oanwinst soarge fuort foar 20 punten. By it skoft stie Aris al mei 50-43 foar. De skoare waard útboud nei in maksimale foarsprong fan 16 punten. Rotterdam kaam noch wol wat werom, mar de oerwinning kaam net mear yn gefaar. Sneon spilet Aris thús tsjin de nûmer twa, Leiden.

Trefwurden: 
Aris basketbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)