Brede oanpak GHB It Fean

Ghb © ANP XTRA
De gemeente Hearrenfean wol los mei in brede oanpak fan de ferslavingsproblematyk yn de gemeente. Dêrfoar ha se tongerdei in startbyienkomst hâlden mei alle belutsen organisaasjes, lykas de plysje, ferslavingssoarch en GGD. De oandacht giet foaral út nei it GHB-gebrûk dat op It Fean in grut probleem is, mar ek de ferslaving oan alkohol en oare drugs wurde by de oanpak belutsen.
De startbyienkomst is benammen brûkt om de ûnderfinings fan elkenien mei elkoar te dielen.
Meikoarten komme de partijen wer by elkoar om de resultaten fan dizze earste byienkomst fierder út te wurkjen.