Ljouwert krijt winkelkarmerk

07 apr 2014 - 16:26

Ljouwert hat de fjirde stjer krige fan it Keurmerk Veilig Ondernemen (KVO). Dat betsjut dat yn it sintrum goed gearwurke wurdt tusken ûndernimmers, plysje en gemeente. Der wurde konkrete ôfspraken makke en de meiwurkers yn de winkels krije tips om winkelstellerij foar te kommen. Sa dogge winkellju altyd oanjefte en as it nedich is, krije minsken in winkelferbod.

De oanpak docht fertuten, want de winkelstellerij en de oerlêst op strjitte nimme ôf. Ljouwert giet no op foar it maksimale, de fyfde stjer.

Fierders wurdt besocht om de ûndernimmers bûten it sintrum safier te krijen dat se it trajekt foar it karmark 'feilich ûndernimmen' ek yngean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)