Ekopark as foarbyld foar Arûba

© Omrop Fryslân, Jan Durk de Haan
Techniken en prosedueres by ôffalferwurker Omrin op it Ekopark yn Aldehaske binne in goed foarbyld foar de ôffalferwurking op Arûba. Dat sei folmachtigd minister Edwin Abath tongersdeitemiddei by in wurkbesite. It lid fan it keninkryksbestjoer krige foarljochting oer de nijste techniken foar it skieden fan metaal, plestik en grienôffal en de produksje fan biogas.
De Fryske praktyk foarmet in grut kontrast mei de sitewaasje op Arûba. Dêr is it sammeljen, skieden en ferwurkjen fan ôffal noch net sa fier.
In earder ynfierd ôffalsysteem hat dêr net brocht wat derfan ferwachte waard. Abath tinkt lykwols dochs dat it bestjoer op Arûba guon saken oernimme kin fan Aldehaske.