Frijspraak saak-Ooms bepleite

16 feb 2012 - 14:45

De haadfertochte yn de saak Ooms moat frijsprutsen wurde. Dat sei syn advokaat yn it heger berop foar it gerjochtshôf yn Ljouwert. Marinus Ooms waard seis jier lyn yn syn hûs yn Haulerwyk om it libben brocht. Der binne trije minsken foar feroardield.

De haadfertochte wurdt troch de oare twa oanwiisd as dejinge dy't Ooms deastutsen hat. Neffens de advokaat fan de haadfertochte komme de ferklearrings fan de oare twa fertochten net mei-inoar oerien. Hy hat it hôf dêrom frege de ferklearrings net as bewiis te brûken.

Tsjin de haadfertochte is woansdei achttjin jier sel en tbs easke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)