Servotel wurdt sloopt

© Google Streetview
It Servotel yn Drachten wurdt sloopt. De 158 apparteminten yn de senioareflat foldogge net mear oan de hjoeddeiske wenwinsken. Hast sechstich lytse apparteminten stean al leech. De oare wenningen wurde tydlik ferhierd oan de stifting Tjallingahiem en soarchynstelling ZuidOostZorg. De bewenners binne woansdeitejûn op de hichte brocht fan de sloop.
It plan is om op it plak fan it Servotel fjirtich nije soarchapparteminten te bouwen. It Drachtster Servotel is boud yn 1972.