Auto stellen by proefrit

© Omrop Fryslân
De plysje hat yn Ljouwert woansdei in 67-jierrige man út dy stêd oanhâlden foar it stellen fan in auto. De man hie de auto mids jannewaris meikrigen om in proefritsje te meitsjen, mar hie him net werombrocht.
Plysjeminsken seagen de auto woansdei tafallich by de man op de oprit stean en bellen oan. Doe't de man iependie, waard er oanhâlden en meinaam nei it buro.