Bestelbus útbaarnd yn Snits

16 feb 2012 - 10:36

Oan de Balthuskade yn Snits is yn de nacht fan woansdei op tongersdei in bestelbus útbaarnd. Omwenners skrokken wekker fan in doffe knal. Doe't se nei bûten seagen, seagen se de bus yn de brân stean.

De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle. Ut ûndersyk hat bliken dien dat de brân nei alle gedachten oanstutsen is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)