Boek 'Bak' wurdt ferfilme

De filmposter fan 'Bak' © www.willewurk.nl
It boek 'Bak' fan Ljouwerter Krante-sjoernalist Sietse de Vries wurdt ferfilme. De Frysktalige misdiedroman wie yn 2012 it kadoboek fan De Moanne fan it Fryske Boek. It ferhaal giet oer de sjoernalist Sjerp Bak, dy't skriuwe moat oer in moard dy't er sels pleegd hat. De opnamen binne yn septimber en oktober.
De haadrol wurdt spile troch Joop Wittermans en de rezjy is yn hannen fan Auke de Witte. Dêrneist wurdt noch socht nei amateur-akteurs. Dêr wurde spesjale kastingdagen foar organisearre, de earste is op 25 april.
Joke Tjalsma spilet ien fan de rollen. De rol fan it slachtoffer is noch net ynfolle. 'Bak' is earst te sjen yn ferskate filmhuzen. Dêrnei stjoert Omrop Fryslân de film út.