Tal skiere guozzen nimt ôf

07 apr 2014 - 16:01

It tal skiere guozzen dat briedt yn de gebieten fan Steatsboskbehear yn Súdwest-Fryslân is ferline jier mei tweintich prosint tebekrûn. Der sieten earst hast 1100 keppels guozzen en dat binne no noch gjin 900. Mooglik komt dat trochdat de lêste jierren geregeld aaien trochpript binne, tinkt boskwachter Sjoerd Bakker fan Steatsboskbehear. Mar ek de foks hat yn guon gebieten dwaande west.

Foar de efterútgong groeide it tal skiere guozzen al net mear. Boeren binne bliid mei minder guozzen, omdat de fûgels it gers opfrette.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)