Belvédère keapet nije Mankes

Museum Belvédère yn Oranjewâld hat it skilderij 'Sneeuwlandschap met sloot' fan de Fryske skilder Jan Mankes oankocht. It museum hie it skilderij al yn brûklien fan partikulieren. Dy woene ek it leafst dat Belvédère it skilderij hâlde soe. It museum hat alle tiid krigen om de finansiering te regeljen. Dat is mooglik makke mei help fan de Vereniging Rembrandt en de Ottema-Kingmastifting.
Neffens Belvédère is it Snielânskip, út 1913, ien fan de belangrykste wurken fan Jan Mankes. It museum hat in grutte kolleksje fan de skilder.