'Seegat Lauwerseach te ûndjip'

It seegat tusken It Amelân en Skiermûntseach © Google Earth
Hieltyd minder fiskers meitsje gebrûk fan de haven fan Lauwerseach, meldt RTV Noord. Neffens de omrop leit de oarsaak yn it seegat tusken It Amelân en Skiermûntseach. Dat wurdt hieltyd minder djip, mar der mei net baggere wurde, omdat it om beskerme natuergebiet giet.
De gruttere kotters hawwe in djipte fan seis oant sân meter nedich. By heech tij stiet der mar goed trije meter wetter. Sa'n tritich oant fjirtich fiskers soene dêrom alle wiken foar in oare haven kieze as Lauwerseach.