Grutte glêsiel-útsetdei

Rûnom yn Fryslân binne moandei mear as 2,5 miljoen glêsieltsjes útset. Dat bart op inisjatyf fan de stifting Dupan, dêr't beropsfiskers yn binnenwetters ek yn fertsjinwurdige binne. De stifting wol mei it útsetten de ielstân foarúthelpe. De glêsiel kin net selsstannich fan see it binnenwetter opkomme.
Yn Fryslân meie beropsfiskers op proef it hiele jier ielfiskje. Yn de rest fan Nederlân is dat trije moanne lang ferbean. Om't yn dy tiid gjin tafersjoch is, wurdt der yllegaal fiske. Dupan wol it Fryske model yn hiel Nederlân ynfiere.
Yn Fryslân binne noch fjirtjin beropsielfiskers.