Hollander ynterim by Harkema

© awfoto.nl
Bert Hollander is oant de ein fan dit seizoen haadtrainer by Harkemase Boys. De Ljouwerter sil de trainersfunksje kombinearje mei syn hjoeddeistige trainerskip by FVC. It bestjoer fan Harkemase Boys hat dêrmei in oplossing fûn foar it trainersprobleem.
It probleem by de iennige Fryske topklasser wie ûntstien doe't it KNVB bepaalde dat ynterim-trainer Robert Herder gjin dispensaasje krige. Herder beskikt net oer de goede trainerspapieren.