De Jouwer is degradearre

06 apr 2014 - 16:05

De Jouwer ferlear snein mei 4-2 fan NEC en is dêrmei definityf degradearre út de haadklasse C. Yn Nijmegen kaam de thúsploech op foarsprong, mar dêrnei wie De Jouwer oan bar. Mei in strafskop sette Martijn Dijk syn ploech op likense hichte, wêrnei't Jeroen Botzinga mei in frije traap foar de foarsprong soarge.

De Jousters liken efkes op in stunt ôf te gean, mar nei rêst wienen de rollen omdraaid. NEC kaam rap werom oant 2-2 troch in eigen doelpunt fan De Jouwer. Dêrnei naam de thúsploech de lieding oer en pakte oerstjûgjend de winst.

De ploech fan trainer Wieb Rodenhuis bliuwt troch it ferlies ûnderoan stean op 9 punten út 22 wedstriden en is dêrmei offisjeel degradearre út de haadklasse C.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)