Romme oerwinning Oranjefroulju

Vivianne Miedema yn aksje tsjin Noarwegen © ANP
De fuotbalfroulju fan it Nederlânsk alvetal hawwe sneontejûn mei mar leafst 6-0 wûn fan Grikelân yn de sechsde kwalifikaasjewedstriid foar it WK fuotbal yn 2015 yn Kanada. Mei Sherida Spitse fan Snits en Vivianne Miedema fan SC Hearrenfean yn de basis kaam Oranje foar rêst op in komfortabele 3-0 foarsprong.
Miedema tekene mei de 3-0 foar har njoggende goal dizze WK-kwalifikaasje. Ek Spitse hie it fizier op skerp en soarge yn de twadde helte foar de 5-0.
Grutte domper op de wedstriid wie de swiere blessuere foar ferdigener Kika van Es, dy't mei in dûbele breuk yn har skonk nei it sikehûs ôffierd wurde moast. De froulju kinne har no tariede op de wedstriid tsjin Albanië, dy't tongersdei yn Helmond spile wurdt.