Van Heck wer werom út Ingelân

De pompoperaasje yn Ingelân fan pompebedriuw Van Heck út Noardwâlde sit derop. Nei seis wiken pompen is it oerstreamde gebiet by de stêd Bridgewater, súdlik fan Bristol, wer droech. Foaral it begjin, yn de earste helte fan febrewaris, wie swier. De oanhâldende rein en de hurde wyn makken it wurkjen doe bytiden ûnmooglik, seit direkteur Jeroen van Heck.
Mar úteinlik is it goed ferrûn en neamt hy de klus in grut súkses. Neffens Van Heck is it de grutste pompoperaasje dy't ea yn de wrâld útfierd is.