Museum tichtby 100.000e gast

© Tal fan musea yn Fryslân dogge dit wykein mei oan it lannelike museum-wykein
Yn it Fries Museum wurdt nei alle gedachten sneintemiddei de 100.000e besiker wolkom hjitten. Op 13 septimber ferline jier iepene it museum de doarren op de nije lokaasje by it Saailân yn Ljouwert. Yn sân moanne tiid hawwe al hast 100.000 minsken in besite brocht oan de ferskate kolleksjes.
It Fries Museum is snein tagonklik foar ien euro yn ferbân mei it museumwykein. Ek oare musea yn de provinsje binne fergees of foar in lytse bydrage iepen. It museum ferwachtet om 15.00 oere hinne de hûnderttûzenste gast.