Man lit spultsje sjen yn Grins

06 apr 2014 - 12:47
Plysjesel - Foto: ANP XTRA

In 62-jierrige man út Smellingerlân is sneon oanhâlden yn it stedspark yn Grins fanwege iepenbiere skeaning fan de earberens. De man liet yn it park syn spultsje sjen oan foarbygongers.

In 26-jierrige frou fan Grins seach de man oan de Concoursleane en belle de plysje. De man is oanhâlden en ynsletten.

Trefwurden: 
earberens skeining spultsje
(advertinsje)
(advertinsje)