Ljouwerter ferwûne nei fal

06 apr 2014 - 12:34

In ynwenner fan Ljouwert is sneintemoarn swier ferwûne rekke nei in fal fan de trep yn syn hûs oan de Ferdinand Bolstrjitte. Meiwurkers fan de ambulânsetsjinst stabilisearren de man. De man waard ek behannele troch in dokter fan it traumateam, dy't mei de traumahelikopter nei it Julianapark flein wie. Mei nei alle gedachten slimme ferwûnings oan rêch en nekke waard de man mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

De traumahelikopter luts yn de wenwyk frijwat publike belangstelling.

Trefwurden: 
ferwûne fal traumahelikopter
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)