Drankrider oer de kop

06 apr 2014 - 11:12

Yn Marrum is yn de nacht fan sneon op snein in man fan 23 út Holwert mei syn auto ferskate kearen oer de kop slein en yn in sleat bedarre. De man wie oansprekber en koe sels út syn auto komme. Yn in bocht hie er boppedat oan it beljen west, wêrtroch er de macht oer it stjoer kwytrekke.

Nei kontrôle troch personiel fan de ambulânse is in bloedproef fan de man ôfnommen. Dêrby die bliken dat er tefolle dronken hie. It wie net de earste kear dat de man mei drank op achter it stjoer siet. De Holwerter moast syn rydbewiis ynleverje.

Trefwurden: 
rydbewiis drankride belje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)