De Eendracht bêste op ONFK

06 apr 2014 - 10:29

Fanfare De Eendracht út Den Ilp waard sneontejûn útroppen kampioen yn de earste divyzje op it ONFK yn Drachten. De Eendracht ûnder lieding fan Marcel Visser krige mar leafst 94 punten, dat is fergelykber mei it rapportsifer 9,4.

De bêste Fryske prestaasje yn de earste divyzje waard levere troch CMV Eendracht Maakt Macht fan Aldegea SWF ûnder lieding fan dirigint Piet Groeneveld. Eendracht Maakt Macht krige 91 punten. It ferplichte wurk yn de earste divyzje wie 'Omaggio' fan komponist Marco Pütz.

Oan it ONFK yn De Lawei op freed en sneon diene mei-inoar sa'n 1500 muzikanten mei út hiel Nederlân. Yn de legere divyzjes wiene de Fryske fanfares aardich súksesfol.

Trefwurden: 
ONFK fanfare Marco Pütz
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)