Plysje sjit man yn skonk

06 apr 2014 - 09:53

De plysje hat sneontejûn op de N356 by Waaksens (Dongeradiel) in man fan 26 út Holwert yn syn skonk sketten. It ynsidint barde doe't de plysje tuskenbeide kaam by in slimme rûzje wêrby't mei wapens drige waard. De fertochte hie al langer spul mei in 23-jierrige doarpsgenoat. De 26-jierrige man soe besocht hawwe de oar mei in mes te stekken. Ek soe der drige wêze mei in hammer.

De fertochte is dêrnei it lân yndraafd. By de yntervinsje luts de plysje it fjoerwapen, en is der earst noch in warskôgingsskot lost.

De troffen man is oerbrocht nei it sikehûs yn Ljouwert en dêr opereard. Hy is oanhâlden foar bedriging en poging ta swiere mishanneling. De plysje is op de lokaasje fan it konflikt úteinset mei forensysk ûndersyk en hat de belutsenen foar ferhoar oanhâlden. De ryksresjerzje ûndersiket de sjitpartij.

Trefwurden: 
plysje sjitpartij
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)