Deadlik ûngelok by meanen
In jonge fan 16 út Himmelum is sneontejûn om it libben kommen nei in ûngelok mei in gersmeaner. Dat is gebeurd op it hiem fan de pleats dêr't er wenne, oan De Soal. De jonge is ûnder de meaner yn de sleat bedarre. Hoe't dat koe, is net dúdlik. It ûngelok wie om in oere as acht. Brânwachtminsken ha noch besocht om de jonge te reanimearjen, mar dat is net slagge.