Cambuur pakt punt by NEC

SC Cambuur is der net yn slagge de earste útoerwinning te heljen. Tsjin nûmer foarlêst NEC yn Nijmegen waard it 1-1. Yn in hektyske wedstriid kaam de thúsploech troch in stafskop fan Castillion yn de 13e minút op foarsprong. Mart Dijkstra, ynfaller foar de betiid útfallen Robert van Boxel, skeat yn de ekstra tiid fan de earste helte in frije traap prachtich tsjin de touwen.
Yn in 'stoarm en ûnwaar' twadde helte soe de stân net mear feroarje, mar de fjildbesetting wol. Cambuur ferlear Ritzmaier mei twa kear giel, NEC Koolwijk en Van Eijden.
Cambuur stiet op it alfde plak mei 36 punten út 31 wedstriden. Cambuur spilet noch thús tsjin Vitesse en ADO Den Haag en út by Feyenoord.