Ein driget foar Ping-loketten

15 feb 2012 - 21:15

Oan de Ping-loketten yn Ljouwert en Snits driget in ein te kommen. De gemeenten Ljouwert en Súdwest-Fryslân wolle der net mear oan mei betelje. Dêrtroch is der fan april ôf gjin jild mear om de loketten iepen te hâlden.

De Ping-loketten binne yn 2009 yn it libben roppen om minsken te helpen dy't finansjele problemen hawwe. Troch de help fan it loket kin foarkaam wurde dat se yn de skuldsanearing bedarje. Ut de sifers docht bliken dat de help fertuten docht.

De loketten dogge no in berop op banken, wenningkorporaasjes en oare partijen foar jild, sadat se noch bestean bliuwe kinne. Der driigje gjin problemen foar it Ping-loket yn Drachten.

Trefwurden: 
Snits Ljouwert Ping-loketten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)