Tredde thúsoerwinning Harkiten

Harkemase Boys hat sneon de tredde thúsoerwinning fan it seizoen pakt mei de 3-2 winst op VVOG. De Harkiten kamen al nei 3 minuten op foarsprong troch in treffer fan Heine Uuldriks. Nei 11 minuten sette Johnsen Bacuna de 2-0 op it boerd. Nei in goed healoere mocht Uuldriks syn twadde doelpunt bytekenje.
De Boys liken nei rêst ôf te gean op in ienfâldige oerwinning, mar yn de slotfaze waard it dochs noch spannend. Yn de 70e minút kaam VVOG op 3-1, wêrnei't de gasten út Hurderwyk mei in strafskop foar de 3-2 soargen. Dat wie ek de einstân.
De ploech fan trainer Willem Brouwer komt troch de winst op 41 punten út 22 wedstriden.