It Wiid nimt De Kuilart oer

© Wytse Vellinga
Fakânsjepark De Kuilart by Koudum wurdt oernommen troch de famylje Bleckman fan kemping It Wiid yn Earnewâld. Op 1 maaie set de gearwurking útein. De offisjele oerdracht fan it management bart pas yn 2015. De Kuilart en It Wiid bliuwe twa aparte fakânsjeparken.
Romke de Jong, sûnt 1985 de behearder fan De Kuilart, seit ta te wêzen oan in nije útdaging.