TNT Express Drachten slút

It Drachtster depot fan TNT Express slút op 1 juny de doarren. De besoarchtsjinst moat reorganisearje. Njonken Drachten geane troch it hiele lân noch fjouwer depots ticht. Troch de sluting ferdwine mei-inoar 130 wurkplakken.
Om hoefolle banen it yn Drachten giet kin TNT Express noch net sizze. Ynkoarten sil de direksje mei fakbûnen en ûndernimmingsried om tafel om oer de takomst fan de wurknimmers te praten.