Gemeente siket stimburoleden

05 apr 2014 - 15:01

De gemeente Ljouwert hat ferlet fan help foar de Europeeske ferkiezings fan 22 maaie. De gemeente Ljouwert siket folwoeksenen yn Grou, Warten, Wergea, Reduzum en Jirnsum dy't op 22 maaie assistearje wolle by de Europeeske ferkiezings. It giet om foarsitters, plakferfangende foarsitters, stimburoleden en reserve-stimburoleden. Der steane fergoedings tsjinoer fan 120 of 125 euro.

Stimburoleden krije yn it foar in ferplichte training. De gemeente hat mei-inoar sa'n 40 nije stimburoleden nedich, benammen foar de stimburo's yn de doarpen.

Gadingmakkers kinne har melde op tillefoannûmer 14058 of in mail stjoere nei verkiezingen@leeuwarden

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)