Advys SWF: CDA, PvdA, FNP, D66

Sander de Rouwe © ANP
Ynformateur Sander de Rouwe fan de gemeente Súdwest-Fryslân advisearret de gemeenteried in koälysje mei CDA, PvdA, FNP en D66. Syn oanrikkemedaasje is om in kolleezje mei fiif wethâlders te foarmjen, wêrby't alle partijen ien wethâlder leverje. It CDA mei as grutste partij twa wethâlders leverje.
Alle fjouwer beëage koälysjepartijen hawwe mei it advys fan De Rouwe ynstimd. It advys is oanbean oan de riedsfraksjes en sil moandei behannele wurde yn de gemeenteriedsgearkomste.
It is foar it earst dat FNP en D66 plak krije yn it kolleezje fan Súdwest-Fryslân. De VVD, dy't de ôfrûne perioade wol yn it kolleezje siet, rekket de wethâlderspost kwyt.