'Wynmûnen by grutte autodiken'

05 apr 2014 - 12:03

Nije wynmûnen yn Fryslân moatte lâns grutte diken en op bedriuweterreinen komme. Dat litte leden fan it Fryske Gea witte yn in enkête. Fan de 6000 leden hawwe goed 1600 meidien. De provinsje Fryslân wol mear griene enerzjy en dêrfoar moatte ûnder oare in soad wynmûnen komme. Trijekwart fan de leden fan de natoerorganisaasje is fóar wynenerzjy, mar se wolle gjin wynmûnen by doarpen en yn natoergebieten.

Neffens it Fryske Gea is dit in dúdlik sinjaal. De útkomsten fan de enkête geane nei de provinsje ta, dy't beslute moat oer wynparken.

Under oare yn de Iselmar soe sa'n wynpark komme moatte, mar tsjin dat plan bestiet in soad wjerstân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)